Brân op kustwachtskip is út

Brân oan board fan de Waker (Foto: Stichting Zeesleepboot Holland / Tom Schoonhoff)
De brân oan board fan it kustwachtskip Waker is út. It skip leit sa'n fiif kilometer boppe Flylân foar anker. De brân bruts moandeitejûn eefkes nei seis oere út yn de masinekeamer. De brânwacht fan Skylge, brânbestriders fan de Koninkijke Marine, bergers en meiwurkers fan rêdingsboaten hawwe de hiele nacht dwaande west op it skip.
Der is net ien ferwûne rekke. Tsien fan 'e tolve opfarrenden binne fan board helle. De kaptein en de stjoerman binne op de sleepboat bleaun.