Brân op Kustwachtskip op see

07 sep 2009 - 19:51

Benoarden Flylân op 'e Noardsee is brân útbrutsen oan board fan it Kustwachtskip Waker. Alle tolve opfarrenden binne sûnder ferwûnings fan board helle. Moandeitejûn let wie de brân noch net út.

De brân bruts moandeitejûn om seis oere hinne út yn 'e masinekeamer. De brânwacht fan Skylge wurdt nei de Waker ta brocht om te helpen mei de brânbestriding. De rêdingboaten fan Flylân, Skylge en Teksel binne útrukt. It marineskip Mercuur is der ek by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)