Nije ynformaasjebuorden Harns

© Omrop Fryslân
Op tsien opfallende plakken yn Harns komme buorden mei toeristyske ynformaasje te stean. Se komme ûnder oare by de Noarderhaven, de Sâltsleat en by de bunker yn 'e Ingelske Tún. De ynformaasje op 'e buorden is yn it Nederlânsk, it Ingelsk en it Dútsk. De gemeente wol dêrmei service biede oan toeristen en de eigen befolking.
Boargemaster Scheffer ûntbleatet tongersdei it earste boerd by de Fjentsjerterpoarte oan 'e Heechstrjitte.