Husa wol terminal útwreidzje

Nije eigner Husa fan 'e spoarterminal yn Ljouwert hat plannen de terminal út te wreidzjen. De eardere eigner, De Vries Transportgroep, is fallyt. Husa wol it spoarferfier yn it Noarden fersterkje en de gearwurking mei KLMV St. Anne trochsette. Dat ferfiersbedriuw riidt alle dagen mei konteners nei it oerslachplak.
Foar de sjauffeurs dy't foar de eardere De Vries Transportgroep wurken is der minder wissigens oer harren baan. Oer in wike is der dúdlikens.