Fryske delegaasje yn New York

07 sep 2009 - 16:10

In Fryske delegaasje fan keunstners, politisy en sakelju is dizze wike yn New York. Se fiere dat 400 jier ferlyn it Nederlânske skip De Halve Maen de stêd berikte. Boppedat erkende Fryslân de steat eartiids as ien fan 'e earsten.

Hichtepunt is de Frisian Day fan takom sneon. Der komme trijehûndert gasten. Dan wurdt der ek in spesjaal plak iepene foar Fryske ûndernimmers dy't súkses hawwe wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)