Ljouwert wol prate mei B'him

07 sep 2009 - 14:59

De gemeente Ljouwert wol graach mei Boarnsterhim en de ynwenners prate oer de takomst. De gearwurking tusken beide gemeenten dy't no al bestiet kin neffens boargemaster Crone prima útwreide wurde.

Ut in rapport oer de takomst fan Boarnsterhim docht bliken dat in selstannige gemeente Boarnsterhim eins net mear helber is. In fúzje mei in oare gemeente of it opdielen fan de gemeente soe it bêste wêze. Ljouwert is posityf oer beide mooglikheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)