Njoggen pearen trouwe op 9-9-9

07 sep 2009 - 14:49
  • (argyffoto)

Yn 'e gemeente Ljouwert trouwe woansdei njoggen echtpearen. Oars is der op woansdei altyd ien kear yn 'e fjirtjin dagen in houlikseremoanje. Dat der no folle mear binne, komt troch de bysûndere datum. Woansdei is it 9 septimber 2009 of better 999, in maklik te ûnhâlden kombinaasje.

Dochs is der dit jier minder flecht op 'e kooi as yn 2008. Doe stelden de Ljouwerter trou-amteners op 888 oan santjin echtpearen de fraach dy't yn de regel mei 'ja' beantwurde wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)