Jonge messedrigers oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat snein twa Snitser jonges fan tolve en trettjin jier oanhâlden dy't in groep oare jonges mei in mes bedrige hiene. De plysje krige in melding dat in groep jonges by in snackbar oan 'e Tsjerkhôfleane bedrige wie.
By de arrestaasje is it mes fan 'e 13-jierrige yn beslach naam. De oare jonge fertelde de plysje dat er syn mes fuortsmiten hie. De jonges hawwe op it plysjeburo proses-ferbaal krige. Harren âlden binne op 'e hichte steld.