Ferwûnen by fabryksbrân

07 sep 2009 - 10:11

Twa meiwurkers fan DL Plastics oan De Wissel yn St. Anne binne moandeitemoarn ferwûne rekke by in brân. Ut in masine kaam ynienen in grutte stekflam dy't in meiwurker (26) út Hallum rekke. Syn kollega (19) út Damwâld sette de man ûnder de kraan.

Beide manlju binne mei brânwûnen en sykhelproblemen nei it sikehûs brocht. De 26-jierrige is fanwege slimme baarnplakken nei it sikehûs yn Grins oerbrocht. De Arbeidsynspeksje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)