B'him: opdiele of fusearje

07 sep 2009 - 10:03

De gemeente Boarnsterhim kin net selsstannich fierder. Dat konkludearje twa ûndersyksburo's yn in ûndersyk yn opdracht fan boargemaster en wethâlders.

Neffens de twa buro's, Wagenaar en Hoes en Bügel Hajema, rjochtsje de ynwenners harren benammen op Ljouwert, Snits of op It Hearrrenfean. Mei de finansjele problemen is fusearje of opdiele better. B en W binne foar in weryndieling. De ynwenners wurde noch riedplachte. Yn desimber falt it beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)