Besykjen ta strjitrôf Ljouwert

06 sep 2009 - 16:04

In Ljouwerter (28) is yn de nacht fan sneon op snein yn syn wenplak oanholden foar it besykjen fan strjitrôf. Om 01.45 oere hinne fytste in man (32) út Ljouwert op Achter de Hoven yn de rjochting fan syn hûs.

Hy hearde achter him in man om jild freegjen. De man fytste gau fierder en belle by in kafetaria de plysje. De fertochte wie yntusken yn de rjochting fan de binnenstêd fytst. Op basis fan in sinjalemint koe de plysje de man fine op de Foarstreek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)