Rúzje yn feesttinte Damwâld

06 sep 2009 - 15:52

In 19-jierrige man út Wâlterswâlde is yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn Damwâld foar mishanneling. De fertochte socht yn in feesttinte oan de Lytseleane rúzje mei in 26-jierrige man út Damwâld.

Dêrby waard oer en wer treaun en mei bier smiten. Uteinlik sloech de fertochte de 26-jierrige man yn it gesicht. De man waard troch de befeiliging apart set en oerdroegen oan de plysje. Hy hat op it buro proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)