'Ekstra jild parkeargaraazje'

06 sep 2009 - 12:27

De VVD yn Ljouwert wol as it moat ekstra jild útlûke om derfoar te soargjen dat de nije parkeargaraazje ûnder it Saailân yn Ljouwert op tiid klear is. Trije moanne lyn waard bekend dat der asbest fûn is op it plak dêr't de garaazje komme moat.

Neffens de partij is dêr noch gjin oplossing foar en driget fertraging. De nije parkeargaraazje soe yn oktober 2010 iepen moatte. De VVD wiist derop dat dy datum helle wurde moat omdat de winkellju dêrnei in drokke tiid krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)