Afvaloven Nee bliid mei aksje

De organisaasje fan in protestmanifestaasje tsjin de komst fan in ôffaloven nei Harns is tefreden oer de opkomst en it ferrin fan de aksje. De Stichting Afvaloven Nee rekkene sneon op inkele hûnderten minsken, it waarden der sa'n 800.
De bou fan de oven is al begûn, mar neffens Afvaloven Nee kin de bou ek wol wer stillein wurde. De aksje waard oanklaaid mei sprekkers en artysten en mei help fan de gemeente organiseard.