Knappe tiidrit Lieuwe Westra

05 sep 2009 - 19:42

Lieuwe Westra is yn de sânde etappe fan de Ronde fan Spanje, in tiidrit fan 30 km, 22ste wurden. De hurdfytser fan Mûnein moast 1 minút en 26 sekonden tajaan op winner Fabian Cancellara. De Switser naam troch syn tiidritwinst ek de lieding yn it algemien klassemint oer. Pieter Weening waard 179ste op 5.33 fan de winner.

Lieuwe Westra stiet yn it algemien klassemint ek 22ste op 2.05 fan Cancellara. Pieter Weening is 129ste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)