Ferlies Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser Harkemase Boys is it nije amateurfuotbalseizoen sneon thús útein set mei in nederlaach. Lang stie it tsjin WHC út Wezep 1-1, mar yn de ekstra tiid makke Denis Mahmudov syn twadde goal foar WHC.
Foar de Harkemase Boys skoarde middenfjilder Roel van der Meulen nei it skoft de Fryske goal. Trochdat ONS Snits ferline jier degradearre, binne de Boys dit seizoen as iennichste Fryske feriening yn de sneonshaadklasse aktyf.