Earste museum-bakstien lein

05 sep 2009 - 15:50
  • Sneon waard úteinset mei de bou fan it Ljouwerter monumint

De earste bakstien foar it grut Ljouwerter monumint is sneontemiddei lein. Op it Mercuriusplei by winkelsintrum Saailân kinne alle Ljouwerters dy't dat wolle sels in stien mitselje yn it bouwurk.

It bakstienneprojekt is betocht troch it Fries Museum, dat sa de Ljouwerter arzjitekt W.C. de Groot betinke wol. De bedoeling dat eltse Ljouwerter in bakstien thúsbesoarge krije soe, mar de boargemaster makke in ein oan dy aksje fanwege de feiligens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)