Oppassers moatte stront oprêde

05 sep 2009 - 15:44

De gemeente moat optrede tsjin hûneoppassers dy't de stront fan de bisten dy't se útlitte net opromje. Dat fynt de CDA-fraksje yn de ried. De gemeente soe mei fergunningen maatregels nimme moatte tsjin bedriuwen dy't har hjir net oan hâlde.

Oan it Van Harinxmakanaal by Suderbuorren lit in hûneútlitservice geregeld in busfol hûnen út. Dat bedriuw rommet de stront net op. It CDA wol dat it gemeentebestjoer aksje ûndernimt om hjir wat oan te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)