Oerolflage yn New York hise

Governor's Island
Oeroldirekteur Mulder hat freed op it New Yorkse Governor's Island de flage fan Skylge hise. Mulder wol sa dúdlik meitsje dat it festival dat dêr hâlden wurdt in Skylger idee wie. Fan 10 septimber ôf is dêr in Oerol-achtich barren om it 400-jierrich bestean fan New York te fieren.
Op 12 septimber komme prins Willem Alexander en Máxima nei it festival. De tariedings geane net sûnder swierrichheden. Der wie fertraging troch argeologysk ûndersyk op it eilân.