Dwerse manlju op plysjeburo

05 sep 2009 - 15:29

Twa manlju hawwe freed it plysjeburo fan Drachten op stelten set. Se kamen nei it buro neidat in maat fan de twa mei nei it buro moast omdat er mei drank op achter it stjoer siet. By in alkoholkontrôle op de Lauwers waard de 28-jierrige Drachtster oanhâlden.

In 51-jierrige en in 24-jierrige man besochten even letter de skodoarren fan it buro ûnklear te meitsjen. Sy binne oanhâlden foar baldadigheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)