Strjitracer pakt yn Dokkum

05 sep 2009 - 14:42

Yn Dokkum hat de plysje tongersdeitejûn in strjitracer oanhâlden. Nei klachten fan omwenjenden waard de automobilist fan 20 jier út Damwâld betrape wylst er op de Pier Prinsleane 90 ried op in plak dêr't 50 kilometer de oere tastien is.

It wie de twadde snelheidsbekeuring foar de Damwâldster. As de man noch in kear in oertreding makket, is er al syn punten op syn riidbewiis kwyt en moat er op 'e nij rydeksamen dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)