'Set bou ôffaloven stil'

05 sep 2009 - 13:10

De manifestaasje Afvaloven Nee yn Harns luts sneon tusken de 800 en 1.000 demonstranten. Doel is om de ôffaloven fan Omrin op te kearen. De bou is al begûn, mar kin neffens stichting Afvaloven Nee bêst stopset wurde. Dat barde yn it ferline ek by it Dútske Kalkar; dêr waard in kearnsintrale feroare yn in pretpark.

De aksje wie oanklaaid mei sprekkers en artysten - lykas Nynke Laverman - en waard mei help fan de gemeente Harns organisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)