Jelmer Pietersma 26ste op WK

05 sep 2009 - 11:55

Mountainbiker Jelmer Pietersma fan Balk is sneon 26ste wurden op it wrâldkampioenskip yn it Australyske Canberra. Pietersma wie mei dy klassearring wol de earste Nederlanner. De titel gie nei Nino Schurter út Switserlân.

De Nederlânske delegaasje wie yn Canberra net by steat om mei te dwaan om de prizen. Bûnscoach Jan Weevers tinkt in noch wol in pear jier nedich te hawwen om it Nederlânske mountainbiken op dat nivo te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)