Dûnsfeest Xplode letter begûn

05 sep 2009 - 11:45

The Prophet, Alpha, DV8, Diabolic en Apster binne grutte nammen yn de hardcore dancemuzyk. Sy en noch folle mear DJ's en artysten trede sneon en sneontenacht op yn it Griene Stjer rekreaasjegebiet by Ljouwert.

It giet om muzykfestival Xplode dat op in poadium yn it wetter hâlden wurdt. It evenemint soe sneontemoarn om 10.00 oere útein sette mar dat waard wat letter fanwege it minne waar. De organisaasje ferwachtet mei-inoar sa'n 3000 besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)