Earste thúswinst SC Cambuur

Nassir Maachi iepene de skoare foar Cambuur
SC Cambuur helle freedtejûn de earste thúsoerwinning fan it seizoen troch Haarlem mei 4-1 te ferslaan. Nassir Maachi sette nei sân minuten de Ljouwerters op foarsprong, mar Haarlem makke der in echte wedstriid fan. Roel de Graaff soarge foar de fertsjinne lykmakker nei min ferdedigjen.
Danny Guijt brocht mei in prachtige úthaal de stân by it skoft op 2-1. Jeffrey de Visscher út in stafskop en Mark de Vries makken dien wurk. Cambuur stiet no op it fjirde plak.