Menameradiel hat bêste webstek

04 sep 2009 - 20:16
  • De priiswinnende website fan Menameradiel

De webstek fan de gemeente Menameradiel is útkeazen as de bêste Frysktalige webstek fan alle 31 Fryske gemeenten. Yn opdracht fan de provinsje binne de siden troch in ûnôfhinklike sjuery op fiif kritearia beoardiele. Sa is sjoen nei it beantwurdzjen fan e-mail, hoe't de taal brûkt wurdt en de opbou en de navigaasje fan de site.

Menameradiel kaam by fjouwer fan de kritearia as heechste nei foaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)