Keamerfragen GKB te let

© Omrop Fryslân
De twifels by de PvdA yn de Twadde Keamer oer de fúzje tusken de Kredietbank Friesland en Stadsbank Nederland út Almere komme fiersten te let. Want de fúzje is al in feit. De hântekenings dêrfoar binne moandei al setten. Dat seit Ger Jaarsma fan de Kredietbank Friesland.
De PvdA hat fragen stelt oan de minister en steatssekretaris fan Ekonomyske Saken. Se meitsje harren soargen oer de grutte fan de nije bank.