Sliepboaten net nei Flylân

04 sep 2009 - 17:55

Sa'n fyftich besikers fan it trije-daagse muzykfestival Into The Great Wide Open op Flylân, wurde freedtenacht ûnderbrocht yn sporthal Flidunen. Fjouwer saneamde sliepboaten fan de brune float koene troch de hurde wyn net útfarre. De fyftich festivalbesikers wiene hjirtroch dakleas. De organisaasje hat dat oplost troch se yn de sporthal ûnder te bringen.

Dy hie de organisaasje al achter de hân om te brûken as dat nedich wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)