Rûzige start Great Wide Open

04 sep 2009 - 15:17

De organisaasje fan festival Into The Great Wide Open op Flylân hat frijwat lêst fan de hurde wyn. It festival begjint freed. Mei-inoar wurde der sa'n 4000 minsken ferwachte. In tal kaam tongersdei al oan. Freed moatte noch 3000 minsken en ek in soad artysten mei de boat oerkomme.

Yn de haven fan Harns en op de boaten nei Flylân is it bysûnder drok, ek al omdat Rederij Doeksen besletten hat om de ôffeart fan de rappe boat fan 18.00 oere te skrassen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)