Harns: ôffalovenmanifestaasje

'Afvaloven Nee' hopet op in soad folk
Stichting Afvaloven Nee ferwachtet sneon hûnderten minsken op de protestmanifestaasje dy't se organisearje yn Harns. De plysje set gjin ekstra minsken yn Harns yn, want dy ferwachtet gjin grutte drokte.
De stichting hâldt in manifestaasje yn it sintrum fan de havenstêd as protest tsjin de bou fan 'e reststof-ôffalsintrale fan Omrin. Se fine dat de feiligens en sûnens fan omwenners gefaar rinne.