'Forinzen nei de stêd helje'

© Omrop Fryslân
Ljouwert wol dat mear forinzen nei de stêd komme om te wenjen. Expeditie Leeuwarden en wethâlder wenjen Roel Sluiter begjinne dêrom op tiisdei 8 septimber mei in forinzekampanje. Yn de sted wurkje hast 30.000 minsken dy't alle dagen op en del reizgje.
Tsien prosint fan dy ploech tinkt der oer om nei de stêd te ferhúzjen. Dat is de útkomst fan in resint ûndersyk, dien troch studinten Leisure Management fan 'e Stenden Hegeskoalle.