Syljacht omslein by Langwar

It omsleine syljacht op de Langwarder Wielen (foto Jaring Rispens)
Op de Langwarder Wielen om 'e omkriten fan Boarnsweach is oan 'e ein fan freedtemoarn in syljacht omslein. In automobilist dy't oer rykswei A7 tusken Snits en De Jouwer ried hat de helptsjinsten ynskeakele.
Op it syljacht sieten mei-inoar fjouwer persoanen. Se binne allegearre feilich oan wâl kaam. De brânwacht wie mei in tal korpsen te plak om assistinsje te ferlienen.