Protest tsjin Heak om Ljouwert

De Heak giet troch lânbou- en fûgelgebiet en is net duorsum, sizze de tsjinstanners
De Stichting Behâld Iepen Middelseegebiet sil sneon mei in spandoek protestearje tsjin de Heak om Ljouwert yn it ramt fan de dei fan de duorsumens. De gemeente Ljouwert presintearret him sneon as duorsume gemeente, mar neffens de stichting Behâld Iepen Middelseegebiet is de Heak hielendal net duorsum.
It giet neffens de stichting ta koste fan lânbougrûn, fûgelgebiet en it stimulearret it autoferkear en jout mear lûdsoerlêst.