Oranjewoud nei Frankryk

© Omrop Fryslân
Ingenieursburo Oranjewoud wol it Frânske Antea SA oernimme. Dat is in yngenieursburo dat spesjalisearre is yn ûnder oare miljeu, wetter, grûnsanearing en ôffalmanagement. It bedriuw hat 400 wurknimmers en is merklieder yn Frankryk.
Mei de oername wol Oranjewoud de posysje op de Frânske en de wrâldmerk fersterkje. It past yn 'e stragey fan it bedriuw om de tsjinstferliening oan ynternasjonale klanten te ferbetterjen.