Muorre fan lollys yn Ljouwert

Lollys, lollys en noch ris lollys. It sintrum fan Ljouwert wie tongersdeitemiddei in paradys foar de wiere swietekau. Der stie in muorre fan mar leafst 25.000 lollys. Eltsenien dy't foarbykaam, mocht in lolly út 'e muorre helje.
De wand is net samar in muorre, mar in keunstwurk makke troch keunstners út de Street Art en Graffity. Sa hawwe dat dien op fersyk fan in bekend lollymerk.