Nij ûndersyk feiligens Heak

It trasee fan de Heak om Ljouwert
Der komt in nij ûndersyk nei de feiligens fan de Heak om Ljouwert. Dizze wike waard bekend dat Rykswettersteat him grutte soargen makket oer in part fan it projekt.
Neffens harren is it nije krúspunt op de Werpsterhoeke net feilich genôch. Dy krityk is opmerklik omt it projekt al moannen rint. Troch de twivels fan Rykswettersteat driget it projekt folle letter klear te wêzen as earder de ferwachting wie.