Ungelok Oldenzaal mei Fries

© Omrop Fryslân
By in ûngelok yn Oldenzaal is fan 'e moarn in 54 jierrige ynwenner fan dat plak om it libben kaam. De man kaam mei syn auto frontaal yn botsing mei in frachtwein, dy't bestjoerd waard troch in 49 jierrige ynwenner fan Boalsert.
It slachtoffer kaam troch noch ûnbekende oarsaak op de ferkearde helte fan de dyk. De plysje koe noch net sizze oer hoe't it mei de Boalserter frachtweinsjauffeur is.