Nije ynfo oer moard Klijnstra

It ûndersyksteam is útwreide nei 20 man
Plysje en justysje hawwe nije ynformaasje krigen oer de moard op Ida Klijnstra fan de Blesse. It ûndersyksteam is dêrom útwreide nei 20 man. De nije ynformaasje giet oer de rol fan in 52-jierrige man út Frjentsjer dy't himsels fjouwer dagen nei de oerfal by in plysjeynfal yn syn wenning tekoart dien hat.
De man hat mei in oare minsken de wenning fan de famylje Klijnstra foar de oerfal al in tal kear observeard.