Mearderheid ried is foar oven

Mearderheid ried Harns is foar de ôffaloven
In mearderhied fan PvdA, CDA en VVD yn de gemeenterie fan Harns hat woansdei foar de komst fan de Reststoffenenerzjysintrale nei Harns stimd middels in PvdA-moasje. En dat is wol wat frjemd, want formeel soe de rie hjir hielendal net mear oer gean.
De ôffaloven past yn it bestimmingsplan en it is oan it kolleezje om dat út te fieren. Dochs kaam der in moasje wêryn it kolleezje stipe wurdt yn de oanpak dy 't se oan 't no ta hantearje.