Boereskuorren yn Earnewâld
Yn it lânboumuseum yn Earnewâld is in útstalling te sjen oer boereskuorren. De foto's binne makke troch Anna Huizinga. Sy hat yn Noard-Nederlan sjoen wat der yn de boereskuorren gebeurt en wat der yn bewarre wurdt. Se trof in grut ferskaat oan.
De fototentoanstelling duorret noch oant en mei 31 oktober.