Ein sintrum troch konflikt

02 sep 2009 - 15:17

Fjirtich minsken driigje har baan te ferliezen by túnsintrum Ranzijn yn Snits. Troch in konflikt mei de gemeente moat it túnsintrum de biste-ôfdieling slute. Der mei offisjeel gjin bisteguod ferkocht wurde. As dy ôfdieling sneon noch iepen is, moat alle wiken tsientûzen euro betelle wurde.

Neffens Ranzijn kin it bedriuw sûnder dy ôfdieling net bestean bliuwe. De rjochter docht tongersdei útspraak. Moandei wurdt mei de gemeente praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)