Opnames searje begjinne letter

De opnames foar de nije plysjesearje dy't Fryslân promoatsje moat, begjinne letter. Dat is woansdei bekend makke by de fan de gearwurking tusken Fryslân Marketing, Endemol en RTL4.
Dat útstel hat foar in part te krijen mei de swangerskip fan Wendy van Dijk. Se spilet de haadrol yn de searje. De opnames begjinne yn de simmer fan takom jier. It is noch net bekend oft der ek Fryske akteurs meidogge yn de searje Moordvrouw.