Kontrôle op fout parkearje

© Omrop Fryslân
De plysje sil yn Drachten-West strang kontrolearje op fout parkearje. Benammen by it opknapte winkelsintrum en de skoallen parkearje bestjoerders faak bûten de parkearfakken en op plakken dêr it ferbean is. Betiden ûntsteane der gefaarlike sitewaasjes.
Koartlyn ha frijwilligers fan de wykried eigners fan auto's mei giele kaarten wiisd op har parkeargedrach. De plysje sjocht oanlieding om dizze moanne op foutparkearjen te kontrolearjen.