Jonges oppakt foar stellerij

02 sep 2009 - 10:05

De plysje hat moandei trije jonges út Easterwâlde oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in fyts. De plysje krige in tip. In tsjûge hie twa jonges mei in fyts oer it skouder fytsen sjoen. Op de Oerkampwei kaam de plysje de jonges (15, 16 en 17) oer it mad. Se wiene it slot oan it iepenbrekken.

Op it plysjeburo kaam de eigner fan de fyts der ek al oan. Al gau die bliken dat it om syn fyts gie. Hy hat oanjefte dien fan it stellen en fernielen fan de fyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)