Warkumer is rydbewiis kwyt

02 sep 2009 - 09:51

In Warkumer (24) is tiisdei syn rydbewiis kwytrekke. Hy bestjoerde ûnder ynfloed fan drugs in auto. De plysje krige in melding dat op de Lange Leane yn Warkum in man yn in auto lei.

De plysjes troffen de man slap lizzend yn syn auto oan. De plysje krige de man wer by de tiid en lieten him mei in ambulânse nei it sikehûs fan Snits bringe. In bloedproef toande oan dat er drugs brûkt hie. Letter bekende de man dat er speed en GHB brûkt hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)