Unrêst by Timpaan Snits

© Omrop Fryslân
Der is ûnrêst ûntstien by de meiwurkers en âlders fan de berne-opfang fan Timpaan yn Snits. Timpaan skrast 8 oant 10 banen by de festiging yn Snits, omdat der yn dy stêd hieltyd minder bern oanmeld wurde foar de opfang.
De ûnrêst is neffens it fakbûn CNV ûntstien troch in ferkearde oanpak. It duorret lang foardat meiwurkers witte wêr't sy oan ta binne en de regelingen dy't der foar harren binne, binne ek net fêstlein yn in sosjaal plan.