Wynjewâld moat grutter wurde

© Omrop Fryslân
Wynjewâld en de buertskippen Klein Groningen en De Wijnterp moatte mei elkoar ferbûn wurde. Dat wolle de ynwenners fan it doarp. Se hawwe dêrfoar in plan makke.
Om't de N381 yn de takomst ferlein wurdt, is der romte om ûnder oare fytspaden oan te lizzen en hûzen te bouwen. Dy moatte de buertskippen dan mei it doarp ferbine. De plannen fan it doarp wurde ynkoarten presintearre oan de provinsje.