Mear kontrôles yn hoareka

De kontrôles by de hoareka yn Ljouwert geane troch
De gemeente Ljouwert set troch mei de strange kontrôle fan de hoareka. Dy docht fertuten, want út de rapporten fan de kontroleurs docht bliken dat de hoareka-útbaters fan Ljouwert har goed oan de regels hâlde.
Oant no ta binne foaral warskôgings útdield, njonken fjouwer boetes en it sluten fan in yllegaal kafee. Ek binne seis jongeren ûnder de 16 jier oppakt om't se alkohol by harren hiene. Dy hawwe thús in brief krigen.