Rêst werom by SC Hearrenfean

01 sep 2009 - 20:48

It is oer mei de hektyk om Sportklup Hearrenfean hinne. Dat seit alteast direkteur Yme Kuiper. De ôfrûne dagen wiene behoarlik ûnrêstich foar de klup. Moandei gie Trond Sollied fuort as trainer en tiisdei waard der krekt foar it ferstriken fan de transferperioade noch in nije spiler oanlutsen, oanfaller Oussama Assaidi fan De Graafschap.

Mei nije trainer Jan de Jonge en assistint-trainer Gert Heerkes is de klup klear foar de rest fan it seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)