Heak om Ljouwert gau oanlizze

Heak moat gau oanlein wurde
De Heak om Ljouwert moat sa gau mooglik oanlein wurde. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders moat mei de provinsje de druk op it ryk opfiere om yn 2011 te begjinnen mei de oanlis fan de dyk. Dat wol de PvdA-riedsfraksje yn Ljouwert.
De ferwachting wie dat ein dit jier de definitive plannen klear wêze soene, yn 2011 soe de oanlis fan de dyk dan begjinne. Dat liket no net helle te wurden om't Rykswettersteat de oansluting op de A32 net optimaal fynt.